Op woansdeitejûn 18 maart binne jo fan herte útnoege nei it gemeentehûs yn Burgum foar de offisjele útslaggenjûn fan 'e gemeenteriedsferkiezings yn Tytsjerksteradiel.
Tongersdeitejûn siet it gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel fol tidens de ferkiezingsfinale. Yn in libbene praatshow hawwe de sân koprinners harren plannen foar de takomst fan 'e gemeente besprutsen.