Ierdgasfrij libjen
Ierdgasfrij libjen
Dat betsjut dat wy allegear ôfskie nimme fan ierdgas. Foar huzen betsjut dit bygelyks it ferwaarmjen fan jo hûs mei in waarmtepomp en it koken mei elektrisiteit. Dit bart al yn nijbou: dêr wurde gjin gasliedingen mear oanlein.
Ierdgasfrij wenjen yn Garyp : it ferhaal fan Remco en Geartsje
Remco en Geartsje wenje gelokkich mei harren húshâlding yn Garyp Tidens in grutte ferbouwing fan harren hûs hawwe se der fuortendaliks foar soarge dat se fan it gas ôf koene. In wichtige stap hjiryn wie it goed isolearjen fan it hûs.
Dizze fideo lit yn 4 minuten sjen wêrom't de lokale waarmtetransysje wichtich is. Jo sille sjen hoe't Nederlân derút sjocht sûnder ierdgas. Nederlân hat as doel om yn 2050 gjin ierdgas mear te brûken. Tytsjerksteradiel wol dit al yn 2040 berikke.

