Doarpsplakken
Mei de doarpsbesites giet de ried nei alle doarpen om te hearren wat der bart en wat de mienskip nedich hat. Hawwe jo ideeën foar it doarp? Soargen oer bepaalde saken? Of gewoan sin oan in freonlik petear? Wy sjogge der nei út!
Planning
De ried sil de kommende perioade alle doarpen yn ús gemeente besykje. Dêrfoar sille ôfspraken makke wurde mei de doarpsbelangengroepen fan 'e doarpen.
Tiisdei 28 oktober - Suwâld
Op tiisdei 28 oktober sille de boargemaster en wethâlders in besite bringe oan it doarp Suwâld. Wy begjinne de middei mei in fytsrit troch it doarp. Dêrnei sille wy in besite bringe oan it gearwurkingsferbân Van der Meulen-Algra (Pelstraat 17). Jo binne wolkom om de gearkomste by te wenjen fan 15.30 oant 16.00 oere.