Tytsjerksteradiel Duorsumens Agenda
Wy wurkje oan in duorsume takomst. Dizze duorsumensaginda biedt in wiidweidich programma fan projekten. Op dizze wize sette wy de koers út foar de kommende jierren en bouwe wy fierder op wat wy al dogge en wat wy al dien hawwe.
Duorsumens is in ûnderwerp dat ús hiele mienskip rekket. In grut tal partijen hawwe bydroegen oan it formulearjen en prioritearjen fan 'e agendapunten en projekten, en dat jildt ek foar ús ynwenners is belutsen by it proses.
Subsydzje foar duorsumensagenda
De Subsydzjeregeling Duorsume Agenda Tytsjerksteradiel (2024) is bedoeld om duorsume inisjativen te stimulearjen dy't bydrage oan in grienere en skjinne gemeente. Dizze subsydzje kin brûkt wurde om plannen en projekten te starten, te ûntwikkeljen en te fersnellen. Jo kinne alle ynformaasje fine en jo inisjatyf oanmelde op 'e side Subsydzje Duorsume Agenda .
