Enerzjycoach Jarno
Enerzjycoach Jarno Steringa
Jarno Steringa is hast deistich enerzjycoach yn Tytsjerksteradiel. ynwenners dy't muoite hawwe mei hege enerzjykosten. "Besparje op 'e enerzjyrekken is foar my de earste stap nei it jaan fan krekt wat mear sykhelromte. Dy iene lytse stap kin derfoar soargje dat jo de einen oan elkoar knoopje kinne, wêrtroch it libben krekt wat makliker wurdt," seit er.
Praktyske help by jo thús
Tidens hûsbesites sjocht Jarno wêr't bewenners enerzjy besparje kinne. Hy jout praktyske tips, beantwurdet fragen en dielt produkten út dy't minsken thús direkt brûke kinne.
Faak is mear mooglik as minsken tinke, sels as it giet om it duorsumer meitsjen fan jo hûs. Ik helpe jo dêr graach mei.
Lytse stappen, grut ferskil
Wat levert it de bewenner op? Mear kontrôle oer de enerzjyrekken, in nofliker hûs, en it gefoel dat jo sels in ferskil meitsje kinne. Jarno sjocht dat sels in koart petear in soad betsjutte kin. Syn tip? "Begjin lyts. Set bygelyks apparaten hielendal út ynstee fan se op standby te litten. Dat liket miskien in lyts bedrach, mar op jierbasis makket it echt in ferskil."


