Enerzjike meitinkers

Enerzjyke Meitinkers is in groep ynwenners dy't de wethâlders en meiwurkers fan 'e gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel advisearje. As sparringpartners foar de gemeenten kinne se advisearje oer hoe en yn hokker tempo se de Duorsumensagenda en Waarmtefisy útfiere. Leden kinne har mieningen diele oer duorsumensonderwerpen, ideeën bydrage foar projektútfiering, en soargen útsprekke, benammen oer projekten dy't direkt ynfloed hawwe op 'e libbensomstannichheden fan ynwenners.

De gemeenten rieplachtsje de groep of freegje har advys. De ynbring fan 'e Enerzjyke Meitinkers wurdt opnommen yn beslútfoarming oangeande klimaatoanpassing, de enerzjytransysje, de oergong nei in sirkulêre ekonomy, biodiversiteit en duorsume mobiliteit.

De Enerzjyke Meitinkers komme op syn minst twa kear yn it jier byinoar.