Fairtrade Sinterklaas kleurwedstriid
Wat in feest! Dit jier hawwe in soad bern út Tytsjerksteradiel meidien oan de Fairtrade Sinterklaas kleurwedstriid. De sjuery hie it dreech, mei safolle kleurige, orizjinele en moaie tekeningen! It wie ûnbidich spannend.
Uteinlik wûnen de folgjende bern in priis: Vera Damsma (2 jier âld); Jouke Berende (3 jier âld); Anna-Eva (4 jier âld); Ivy Hannah, (5 jier âld); Abel van der Heide (6 jier âld); Rebekka Postma (7 jier âld); Yfke Hoekstra (9 jier âld); Marinde Klaver (10 jier âld); Rikst de Vries (11 jier âld).
Se krigen in hearlike Fairtrade sûkeladebrief thús.
Wy tankje alle dielnimmers foar harren entûsjasme. Jimme hawwe Sinterklaas ekstra bliid makke mei jimme keunstwurken.
