Gemeentehûs sluten fan 20 desimber oant 2 jannewaris

De gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel beëinigje harren gearwurking op 1 jannewaris 2025. De gemeente Tytsjerksteradiel wurdt op dy datum wer selsstannich. Tsjinsten geane gewoan troch: fanút it gemeentehûs yn Burgum.

Fan freed 20 desimber oant en mei tongersdei 2 jannewaris sille wy sluten wêze foar alle tsjinsten om de oergong nei in ûnôfhinklike IT-omjouwing te fasilitearjen. Yn dizze perioade sille wy allinich berte- en deadsregistraasjes ferwurkje en sille wy allinich tillefoanysk berikber wêze.

Regelje jo saken op 'e tiid 

Fernije jo paspoart, ID-kaart of rydbewiis op 'e tiid en meld jo ferhuzing op 'e tiid. Spitigernôch is dit net mooglik tidens de slutingsperioade.

  • Hawwe jo jo reisdokumint of rydbewiis driuwend of direkt nei de sluting nedich? Regelje dit asjebleaft foar 12 desimber, sadat jo dizze dokuminten yn 2024 ûntfange.
  • As jo jo reisdokumint noch net nedich binne en wachtsje kinne, plan dan in ôfspraak yn jannewaris.
  • Ferhúzje jo tusken 20 desimber en 2 jannewaris? Lit it ús asjebleaft fjouwer wiken fan tefoaren witte. Op dizze manier kinne wy jo ferhuzing op 'e tiid ferwurkje.

Regelje dizze saken fan tefoaren online op ús webside. Wolle jo ús leaver besykje? Meitsje dan in ôfspraak fia ús webside of skilje ús op 14 0511. Wy binne ree om jo te helpen.

Us kontaktgegevens bliuwe itselde 

Jo kinne ús ek yn it nije jier besykje op it gemeentehûs yn Burgum. Der sil neat feroarje. Jo kinne ús noch altyd e-post stjoere op gemeente@t-diel.nl en wy bliuwe berikber op 14 0511 .

Wy tankje jo foar jo begryp en winskje jo noflike feestdagen!