Fergees kompost foar ynwenners fan Tytsjerksteradiel!

Sneon 28 maart 2026 is it Nasjonale Kompostdei. Jo kinne dy dei fergees kompost ophelje by it kompostearplak oan de Solcamastraat yn Sumar.

  • Tusken 9.00 oere en 16.00 oere kinne jo maksimaal 1 kubike meter kompost per húshâlding fergees ophelje.
  • Wês fluch, want as it ienris fuort is, is it fuort!

Kompost is weardefol foar sûne boaiem. It hâldt wetter better fêst en soarget derfoar dat planten goed groeie kinne. De kompost dy't jo sammelje wurdt makke fan it túnôffal dat jo sels skiede. Troch jo ôffal goed te skieden , drage jo by oan skjinne kompost en dêrtroch oan sûne boaiem wêrop ús iten groeit.