Fergese foarstelling foar elkenien dy't der is foar in oar

Binne jo der foar in partner, âlder, bern, buorman, freon of dierbere dy't alle dagen ekstra help, oandacht of stipe nedich hat? Freegje 2 fergese kaartsjes oan foar de foarstelling De Wichtersesjes fan Marcel Smit op sneon 3 oktober. 

De Wichtersesjes 

Yn in sfearfolle wenkeameromjouwing nimt Marcel Smit it publyk mei nei de Friese Wâlden. Mei werkenbere ferhalen, humor en prachtige muzyk presintearret hy in foarstelling dy't rekket, ferbynt en útnoeget om op syk te gean.

Praktyske ynformaasje

  • Optreden: Marcel Smit mei ' De Wichtersesjes '
  • Datum: sneon 3 oktober 2026
  • Tiid: 20:15
  • Lokaasje: Podium De Pleats
  • Oantal kaartsjes: 2 per persoan

Oanfraach tagongkaart

Freegje de kaartsjes oan
Der binne 40 kaartsjes beskikber. De kaartsjes wurde ferspraat yn folchoarder fan oanfraach. Jo kinne kaartsjes oanfreegje oant en mei snein 20 septimber.