Lân as ynvestearring
It bart wolris dat lân oanbean wurdt mei de suggestje dat der yn 'e takomst huzen op boud wurde kinne. Dit kin it lân in oantreklike ynvestearring meitsje. In boubestimming is lykwols net wierskynlik op lânboukavels. De kâns dat in ynvestearring yn sa'n kavel rendemint oplevert is dêrom ekstreem lyts.
Dêrom jouwe wy in warskôging as jo ynvestearrings yn lân beskôgje. Ynformearje asjebleaft fan tefoaren oer it bestimmingsplan (aktuele bestimmingsplan, relevante ûntwikkelingen) en de wenfisy by it Klantkontaktsintrum fan 'e gemeente fia tillefoannûmer 140511. As keaper hawwe jo ek in ûndersyksplicht.
