Hjerstmoeting 2024
Dit is in âlde post.
Tiisdei 12 novimber organisearret de gemeente Tytsjerksteradiel fan 19.30 oant 22.00 oere in Hjerstmoeting (Hjerstgearkomste). Wy noegje alle ynwenners, bedriuwen, organisaasjes, en ferienings út Tytsjerksteradiel út foar dizze feestlike byienkomst. De Hjerstmoeting fynt plak yn mienskipssintrum De Balstien yn Noardburgum.
Hapkes, drankjes en muzyk!
De Hjerstmoeting is in ynformele gearkomste wijd oan it "moetsjen". Boargemaster Jeroen Gebben iepenet de ynteraktive jûn. Syta en Marije soargje foar de muzyk. Wy soargje foar de hapkes en drinken!
