Ynformaasjegearkomste oer de heechspanningsferbining Viervelaten-Ens
De nasjonale oerheid en TenneT hawwe de foarkarsrûte foar de nije heechspanningsferbining Vierverlaten-Ens bekend makke. Dizze rûte rint ek troch ús gemeente. Wy kinne ús goed foarstelle dat dit fragen opropt by ynwenners. Dêrom fine wy it wichtich om ekstra ynformaasje hjir oer mei jo te dielen.
Ynformaasjegearkomste
TenneT en it Ryk organisearje ferskate ynformaasjegearkomsten. Foar ynwenners fan ús gemeente is dy op:
- Moandei 29 juny
- 19:00 – 21:00
- It Maskelyn, Easter Omwei 5, Hurdegaryp
Meiwurkers fan 'e oerheid en TenneT sille oanwêzich wêze om ynformaasje te jaan en jo fragen te beantwurdzjen. Jo binne tige wolkom om efkes del te kommen.
Dien jo miening yn
It plan foar de foarkarsrûte is fan 22 maaie oant 2 july te besjen. Yn dizze perioade kin elkenien in sichtpunt yntsjinje.
- Dit kin mûnling dien wurde tidens de ynformaasjegearkomste fan TenneT.
- Of skriftlik, lês hjir hoe't jo dat dwaan kinne .
- Of digitaal fia de RVO-webside .
Mear ynformaasje
Jo kinne mear ynformaasje fine oer de plannen en de foarkarsrûte:
- op 'e webside fan TenneT ;
- en op ús side 380kV Heechspanningsferbining Noard-Nederlân .

