Jeroen Gebben stapt op as boargemaster fan Tytsjerksteradiel
Boargemaster Jeroen Gebben nimt ôfskie as boargemaster fan Tytsjerksteradiel en wurdt direkteur Feiligens en haad fan de brânwacht fan Friesland. Hy hat dit tiisdei 19 novimber oankundige oan de gemeenteried en it bestjoer. Meiwurkers binne fannemoarn ek ynformearre oer it fertrek.
"Ik bin ûnbidich fereare om beneamd te wurden ta direkteur Feiligens en haad fan de brânwacht fan Fryslân. Ik sjoch der tige nei út om de Feilichheidsregio Fryslân foarút te helpen, tegearre mei alle meiwurkers, management en direkteuren, yn dizze turbulinte tiden," seit Jeroen Gebben oer syn nije rol. "Tagelyk sjoch ik mei tefredenheid werom op myn amtstermyn yn Tytsjerksteradiel. Der binne in soad hichten en djipten west, en ik bin bliid dat ik, yn gearwurking mei de ried en it bestjoer, de organisaasje tariede kinnen haw om selsstannich fierder te gean. Ik haw der alle fertrouwen yn dat dizze noflik eigenwize gemeente wer bloeie sil."
Acht jier as boargemaster
Gebben begjint syn nije funksje by de Feilichheidsregio op 1 maart 2025. Syn lêste dei by de gemeente Tytsjerksteradiel is op freed 28 febrewaris, presys acht jier nei syn ynstallaasje. Gebben waard yn 2023 op 'e nij beneamd ta boargemaster. Nei dizze oankundiging kin de gemeenteried begjinne mei it finen fan in opfolger.
