Wês foarsichtich mei oanbiedingen foar hûsisolaasje
Der binne in soad bedriuwen dy't jo helpe kinne mei it isolearjen fan jo hûs. Spitigernôch is net elk bedriuw dat betrouber Troch de protte subsydzjes dy't op it stuit beskikber binne, merke wy dat der ek bedriuwen binne dy't besykje foardiel te heljen fan hûseigners.
Binne jo net wis oer in offerte of in bedriuw?
Benammen as jo oan 'e doar of fia de tillefoan oansprutsen binne? Tekenje dan net daliks in kontrakt. Lit it oanbod kontrolearje fia www.energieloketten.nl of freegje om advys by it Enerzjyhûs yn Garyp .
- Kontrolearje altyd mei wa't jo saken dogge.
- Tekenje noait daliks in kontrakt.
- As jo twifelje, freegje dan altyd om ûnôfhinklik advys.
Unearlike ferkeap? Meld it!
De gemeente krijt geregeld meldingen fan agressive en misliedende ferkeaptaktiken. Dit bart bygelyks by de ferkeap fan thúsbatterijen, waarmtepompen, sinnepanielen en isolaasje. Fielst dy ûnder druk set, misleid of min ynformearre? As dat sa is, meld dit dan by it meldpunt fan de Vereniging Eigen Huis. .
