Sille jo Tytsjerksteradiel tagonkliker meitsje?
Tytsjerksteradiel fynt it wichtich dat elkenien meidwaan kin oan 'e mienskip. Dit is net altyd fanselssprekkend, foaral as jo in fysike, sensoryske, mentale of kognitive beheining hawwe. Hawwe jo hjir ûnderfining mei? En wolle jo helpe om T-diel tagonkliker te meitsjen? Dan binne wy op syk nei jo!
Binne jo ien dy't in ferskil meitsje wol en bydrage wol oan tagonklikens? Meld jo dan oan foar de wurkgroep Tagonklike T-diel. Wat hâldt dat yn?
- Jierliks kritysk kontrolearje en testen fan foarsjennings lykas iepenbiere gebouwen, diken en websiden.
- Advys jaan oan ferskate ôfdielingen binnen de gemeente.
- Mei-organisearje ynklusive aktiviteiten of doch mei oan de sjuery foar it Bêste Idee fan TD.
- De wurkgroep komt 2 oant 4 kear yn 't jier byinoar, dus it sil net folle fan jo tiid yn beslach nimme.
Doch mei en help ús in tagonkliker takomst te bouwen, in omjouwing dêr't elkenien him wolkom fielt!
Wolle jo meidwaan? Stjoer in e-post nei communicatie@t-diel.nl