Nije útsjoch foar ús webside

Us webside hat in make-over krigen. It sjocht der freonliker en dúdliker út, mar wichtiger is dat de digitale tagonklikens ferbettere is. Wat fuortendaliks opfalt is it gebrûk fan 'e pears-blauwe kleur út ús bedriuwsidentiteit, ynstee fan 'e griene. Dit makket ûnder oare de titels en tekst yn knoppen folle lêsberder.

Digitale tagonklikens

Us webside moat maklik te brûken wêze foar elkenien. Wy rjochtsje ús bygelyks op ienfâldige taal, maklik te lêzen kleuren en in webside dy't maklik te navigearjen is mei in toetseboerd. Op dizze manier soargje wy derfoar dat elkenien maklik ynformaasje fine, brûke en besjen kin. Wy fine dit wichtich en binne dêr wetlik ta ferplichte.

Om te foldwaan oan wetlike easken, litte wy ús webside kontrolearje troch in eksterne partij. De lêste tagonklikheidskontrôle waard yn febrewaris foltôge. Op basis fan 'e resultaten fan dy kontrôle is ús webside de lêste wiken ferbettere.

Us webside foldocht no oan hast alle tagonklikheidseasken. Allinnich de yndieling fan ús PDF-bestannen en de audiobeskriuwingen fan fideo's foldogge noch net folslein oan dizze easken.