Nije monitor jout fluch ynsjoch yn ús wenomjouwing

Wy hawwe in nije monitor ûntwikkele dy't ien oersjoch jout fan 'e steat fan ús wenomjouwing. De monitor 'Sjoch op Tytsjerksteradiel - sûne wenomjouwing' toant ûnder oare aktuele ynformaasje oer grien, waarmtestress, loftkwaliteit, oerstreamingen, ferkear en foarsjennings.

De kaarten jouwe fluch ynsjoch yn sawol sterke punten as ferbetteringsgebieten binnen de gemeente. Se binne bedoeld as ark foar beliedsamtners, projektteams, gebietsûntwikkelders en bestjoerders dy't wurkje oan in sûne en takomstbestindige wenomjouwing.

Gean nei View of Tytsjerksteradiel