De ynhâld is laden.

Rekreaasje en toerisme

Tytsjerksteradiel hat in enoarme ferskaat oan lânskippen. Jo kinne hjir allerhanne wettersporten beoefenje, en de ferskate lânskippen biede in soad mooglikheden foar kuierjen en fytsen. Nasjonaal Park De Alde Feanen en it doarp Earnewâld foarmje it toeristyske sintrum fan 'e gemeente. It Nasjonaal Lânskip Noardlike Fryske Wâlden, dêr't de gemeente foar in grut part ta heart, hat ek in soad te ûntdekken: it rike lânskip mei elzebosken en beboske wâlen, moaie sânpaden, pingo's út 'e iistiid, en yn 'e Trynwâlden, de lângoeden mei harren prachtige parken.

De 17 doarpen dy't Tytsjerksteradiel foarmje hawwe elk har eigen karakter. Yn Burgum , it grutste doarp is geweldich om te winkeljen.

Binne jo op syk nei toeristyske ynformaasje oer Tytsjerksteradiel? Sjoch dan ris op www.eropuitinfriesland.nl Tegearre mei de oare gemeenten yn Noardeast-Fryslân sette wy de regio op 'e kaart.