keapje in reinton

Mei in reinton kinne jo reinwetter opfange en brûke foar jo húshâlding. Troch in ton te keapjen besparje jo kraanwetter en beskermje jo it miljeu. Jo helpe ek de gemeente reinwetter te ferwurkjen by swiere reinbuien.

Hoe wurket it?

Wolle jo reinwetter brûke foar kluskes yn en om it hûs? Keapje dan in reintonnen fan 'e gemeente foar in lege priis. Jo kinne de reintonnen keapje by it recyclingsintrum yn Burgum . Jo kinne hjir mei pinpas betelje.

Hoe djoer is it?

  • € 40,00 foar in reinton fan 230 liter (leech model)
  • € 58,00 foar in reinton fan 230 liter (heech model)
  • € 8,50 foar in systeem foar it foljen fan reinfetten
  • € 16,50 foar in reintonnenstander
  • € 5,50 foar in kraan
  • € 65,00 foar in kompleet systeem (mei leechmodel reinton)
  • € 83,00 foar in kompleet systeem (mei hege reinton)

De reinfetten binne allinnich te krijen yn antrasyt.

reinfet foto