Sluting fan 't Kruirêd yn Mûnein

(1-6-2026)

Op tongersdei 16 april 2026 waard bekend makke dat basisskoalle 't Kruirêd yn Mûnein slút per 1 augustus 2026. Fanwegen in ôfnimmend en no te leech oantal learlingen hawwe âlden derfoar keazen om har bern nei de simmerfakânsje yn te skriuwen by in oare skoalle. Dêrtroch is it basisûnderwiis yn Mûnein .

Dit hat in fiergeande ynfloed op learlingen, âlden, personiel en it doarp. In skoalle is ommers mear as allinnich in plak dêr't bern les krije; it is ek in fertroud plak yn 'e mienskip. Skoalbestjoer Adenium ûndersiket de mooglikheid fan in fúzje tusken 't Kruirêd en Sinnehonk yn Aldtsjerk en begeliedt studinten en personiel nei in gaadlik plak.

De sluting lit sjen hoe fluch ûntwikkelingen oangeande learlingoantallen ynfloed hawwe kinne op 'e takomst fan in skoalle. Dêrmei ûnderstreket dit nijs it belang fan it proses dat op it stuit gaande is by skoalbestjoeren, de gemeente en de lokale mienskip yn 'e Trynwâlden: tegearre foarút sjen, keuzes sekuer tariede en stap foar stap wurkje oan goed, tagonklik en takomstbestindich basisûnderwiis.