Ferhier fan sportfasiliteiten en fjilden

De gemeente hat ferskate foarsjennings (romten of terreinen) foar sport. Bygelyks in sporthal, sportkompleks en terreinen. De gemeente ferhiert dizze oan sportferienings. Jo kinne ek in foarsjenning hiere foar in spesifike aktiviteit. Bygelyks foar bedriuwssportkompetysjes of toernoaien.

De sportfoarsjennings yn ús gemeente binne:

  • Sportkompleks Nije Westermar, Elingsloane 67, 9251 MN Burgum
  • Sportkompleks Wetterstins, Lauermanstraat 16b, 9251 BA Burgum
  • Sporthal Hege Fiif, Van Helsdingenstraat 2, 9254 CE Hurdegaryp
  • Sporthal De Hege Wâlden, Van Haersmasingel 38, 9062 GC Oentsjerk
  • Sporthal It Heech, Reiddekkersstrjitte 49, 9257 WP Noardburgum

Derneist binne der sporthallen en gymsealen yn ferskate doarpen.

Hoe wurket it?

Jo dogge in oanfraach by de gemeente; nim hjirfoar tillefoanysk kontakt mei ús op op 14 0511. Wy sille dan kontrolearje oft de akkommodaasje beskikber is.