Sport foar elkenien
Sûnt 1 july binne wy oansletten by de pilot Uniek Sporten Centraal Loket. Dizze baly helpt ynwenners fluggere en maklikere tagong ta in gaadlik sporthulpmiddel foar minsken mei in lichaamlike beheining, lykas in sportrolstoel of hânfyts. De pilot soarget foar in dúdliker, earliker en effisjinter systeem foar it lienen fan sporthulpmiddels.
Wêr giet de pilot oer?
De pilot test in nije nasjonale metoade foar it útrikken fan sporthulpmiddels. Mei dizze metoade soargje wy derfoar:
- it byinoar bringen fan spesjalistyske kennis
- it ferminderjen fan ferskillen tusken gemeenten
- koartere trochrintiden
- werbrûk fan sportartikelen
- gelikense kânsen foar elkenien om mei te dwaan oan sport en fysike aktiviteit.
Wat betsjut dit?
- Der is ien sintrale baly dêr't ynwenners kinne terjochte foar advys en om in oanfraach yn te tsjinjen.
- De beoardieling fan in oanfraach wurdt útfierd mei ûnôfhinklik spesjalistysk advys,
- De gemeente wurket mei in fêst standertbedrach fan € 8.400 per 7 jier foar sporthulpmiddels.
- Foar djoerdere helpmiddels is der in nasjonaal feilichheidsnet, sadat ynwenners net mei hege kosten te krijen hawwe.
Foar mear ynformaasje en om in oanfraach yn te tsjinjen, kinne jo terecht op www.unieksporten.nl
