Stasjonskertier Hurdegaryp renovearre
It stasjonsgebiet yn Hurdegaryp is as ûnderdiel fan it DCA-projekt folslein renovearre. It âlde krúspunt hat plak makke foar in modern iepenbier ferfierplein, mei in feilige ferbining foar fuotgongers en fytsers mei it Tjalling Koopmans College. Twa nije gebouwen jouwe it plein in mear privee gefoel en soargje foar ekstra iepenbiere feiligens.
It hiele ûntwerp is ûntwikkele troch ús eigen gemeente (Stedenbouw/WvdS) yn gearwurking mei de Provinsje Friesland. NS Vastgoed en ProRail hawwe yntinsyf gearwurke om dizze plannen ta in súkses te meitsjen, ynklusyf ekstra parkearplakken en in stasjonsklok, in seldsumheid foar lytsere stasjons. Dit nije plein biedt ynwenners en reizgers in eigentiidske, feilige moetingsplak.
