Stemburo's yn 'e gemeente
Der binne yn totaal 23 stimburo's yn 'e gemeente Tytsjerksteradiel. Alle stimburo's binne iepen fan 7.30 oere moarns oant 21.00 oere jûns. Jo kinne stimme by elk stimburo binnen de gemeente. It adres fan jo tichtste stimburo stiet op jo stimkaart.
Oersjoch fan stimburo's
Sjoch hjirûnder foar in oersjoch fan alle lokaasjes yn 'e gemeente. Sykje jo it leaver op in kaart? Dat kin op waarismijnstemlokaal.nl .
Hawwe jo in lichaamlike beheining?
Alle stimburo's yn 'e gemeente binne tagonklik foar minsken mei in beheining.
Kinne jo sels net stimme fanwegen in lichaamlike beheining? Jo kinne help krije yn it stimburo. Bygelyks, as jo fisueel beheind binne, blyn binne of de sykte fan Parkinson hawwe, kinne jo immen meinimme om jo te helpen, of in meiwurker fan it stimburo om help freegje.