Storing fan Omrin Waste App, ôffalophaling giet troch
De Omrin ôffal-app wurket net, en jo krije gjin notifikaasjes of herinneringen. Jo kontener wurdt op jo gewoane dei leechmakke.
Eftergrûnynformaasje - Cyberoanfal op ôffalferwurker Omrin
It ôffalbedriuw meldt in technyske storing feroarsake troch in ransomware-oanfal. Omrin is net berikber fia tillefoan, en de app is ek net beskikber. Omrin wurket hurd oan in oplossing. It is ûnbekend wannear't de app wer beskikber wêze sil.
Ofvalferwurking
Ofvalophaling is net yn gefaar.
Us gemeente makket de konteners leech op de gewoane opheldagen. Wy begripe dat jo miskien net krekt witte wannear't jo kontener leechmakke wurdt. Dêrom hawwe wy hjirûnder dúdlik de folgjende opheldatums foar de konteners neamd.
Foar de sortearbak (grijze kontener) hawwe wy tekeningen pleatst fan 'e ferskate ynsammelgebieten mei de ynsammeldagen.