Tink mei ús mei! Soarch for wetter, search for wetter

It waar feroaret. As it reint, reint it faak hurder en langer. Mar soms is it ek langer droech en waarmer. Wy fernimme dit yn ús tunen, op strjitte, om huzen en gebouwen hinne, en yn 'e natoer.

As gemeente oanpasse wy ús omjouwing oan it feroarjende waar wêr mooglik en wurkje wy oan in takomstbestindich (ôffal)wettersysteem. Mar tegearre berikke wy mear! Wat jo dogge yn jo tún, erf, of as bedriuwseigner op jo terrein makket perfoarst in ferskil. 

Dêrom hearre wy graach wat jo wichtich fine. Wat wurket goed, wat kin better?

Wy sille jo antwurden brûke om it nije Wetter- en Riolearringsprogramma (WRP 2026-2030) te meitsjen. 

Dizze anonime enkête is iepen oant 30 maaie 2025 en duorret sawat 5 oant 10 minuten om yn te foljen. Troch mei te dwaan meitsje jo kâns op ien fan fiif wetterfetten. 

Tankewol foarôf foar jo tiid en muoite! 

Folje de enkête yn foar 30 maaie op denkmee.t-diel.nl .