Tytsjerksteradiel kiest foar skjinne en útstjitfrije bou

De bousektor stiet op 'e râne fan in grutte transformaasje. Fermindere stikstof-, CO₂- en fijnstofútstjit is essensjeel foar in sûne wenomjouwing en in takomstbestindige gemeente. Dêrom docht de gemeente Tytsjerksteradiel mei oan it nasjonale konvenant Skjin en Útstjitfrij Bouwen (SEB).

Wethâlder Berber van Zandbergen:

Troch ús oansluting by SEB sette wy in wichtige stap rjochting de takomst fan 'e bousektor. Wy wolle op 'e tiid dúdlikens jaan en regionale bedriuwen aktyf belûke by dizze ûntwikkeling. Op dizze manier kinne wy ús mienskiplik tariede op 'e feroarings dy't komme.

De gemeente wol aktyf mei lokale bedriuwen yn petear gean om gear te wurkjen oan in duorsume takomst. Skjinne en útstjitfrije bou is gjin fiere dream; it bart no.

Wolle jo mear witte?

Binne jo aktyf yn 'e bou of in besibbe sektor en ynteressearre yn wat SEB foar jo dwaan kin? Nim dan kontakt op mei Rik Harrewijn by de gemeente Tytsjerksteradiel of freegje nei by jo brancheferiening.