Feiligens op festivals
Grutte eveneminten lûke in soad besikers. Elkenien komt mei de bedoeling om te fieren, en it lêste dêr't jo oan tinke wolle is dat der wat barre kin. Dat, wy steane faak net stil by ienfâldige saken lykas ûntsnappingsrûtes, earste help- lokaasjes, of genôch drinkwetter by waarm waar. Alles is ommers goed organisearre en foldocht oan feiligenseasken, net wier?
Mar sûnder al te folle ekstra ynspanning kinne jo jo tariede foar it gefal dat der wat bart en panyk útbrekt. En dêrmei helpe jo net allinich josels, mar ek de helptsjinsten. In bytsje foarút tinke: Tink Foarút!
Panyk yn in mannichte
As der wat bart tidens in evenemint, wol elkenien faak sa gau mooglik it terrein of gebou ferlitte. Der is in risiko dat panyk útbrekt. Panyk yn in mannichte kin liede ta ûnnoflike en drege situaasjes. Minsken kinne ferpletterd, fertrape en fersmoard wurde. De oarsaak is faak wat ûnferwachts: in lytse brân, in gefjocht, of in hommelse feroaring yn it waar.
Wat kinne jo foarôf dwaan?
Jou omtinken oan it evenemintterrein, bygelyks oan buorden, ûntsnappingsrûtes en earste help- posten. Soargje by waarm waar foar genôch drinkwetter en sinneskerm. Jo kinne ek fan tefoaren in oersjochkaart fan it terrein en praktyske tips fine op 'e websiden fan 'e measte eveneminten. Of harkje nei Omrop Fryslân (92.2 FM ). De omrop stjoert faak nijs oer in evenemint út.
Hokker feilichheidsmaatregels binne der?
Elkenien dy't in evenemint organisearret moat in fergunning hawwe. De gemeente dy't de fergunning útjout stelt hjirfoar easken. Der moatte maatregels nommen wurde oangeande brânfeiligens, needútgongen, earste help- foarsjennings en de tagonklikens fan it terrein foar helptsjinsten lykas brânwacht, plysje en ambulânses. By in protte eveneminten binne helptsjinsten oanwêzich op it terrein of yn 'e buert, sadat se fluch yngripe kinne as der wat bart. Al dizze maatregels, yn kombinaasje mei jo tarieding, kinne derfoar soargje dat oermjittige panyk foarkommen wurdt yn gefal fan in ramp.
Wolle jo mear witte?
Wolle jo mear witte oer wat jo dwaan kinne by needgefallen? Besykje dan www.crisis.nl Hjir kinne jo ek sjen hokker risiko's yn jo buert foarkomme. It is wichtich om goed taret te wêzen. Tink dêrom altyd foarút. Tink Foarút!
