Ferkearsregelaars
As jo fan doel binne om it ferkear op iepenbiere diken te regeljen troch frijwilligers tidens in evenemint, jilde der regels.
Ferkearsregelaars moatte foarôf in ynstruksjekursus folgje. Dit moat fia e-learning dien wurde . By it oanmelden fan jo evenemint op dizze side krije jo in koade. Mei dizze koade kinne de yn te setten ferkearsregelaars de ynstruksje folgje en it eksamen dwaan. Op basis fan de ynstruksjeferklearring stelt de boargemaster it beneamingsbesluit en de beneamingsakte foar de ferkearsregelaars op. De beneamde ferkearsregelaars binne autorisearre om (ferkears)oanwizings te jaan. Sûnder dizze beneaming binne de ferkearsregelaars net fersekere.
Lês foar Foar mear ynformaasje, sjoch de brosjuere 'Ferkearsregelaars by eveneminten'.
