Fisy op sosjaal ûnreplik guod

De gemeente hat as doel om te wurkjen oan sosjale gearhing en de leefberens fan ús doarpen, en de leefberens binnen de doarpen te stypjen, troch takomstbestindich belied en takomstbestindige gebouwen. It belied giet net oer de gebouwen sels, mar oer de funksje dy't dy gebouwen ferfolje binnen in mienskip. Om hjoed te stjoeren, hawwe wy in fisy foar de takomst nedich. De fisy biedt net kant-en-klare oplossingen foar elk probleem. Oplossingen op maat bliuwe mooglik, en der bliuwt romte foar lokale ôfwaging.

Op 7 july is de fisy op sosjaal ûnreplik guod oannaam troch de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel: