Presintaasje 'Praat oer moarn hjoed'

It liket miskien fier fuort, mar as jo it libben folút genietsje wolle, praat dan hjoed oer moarn. Bygelyks oer wat jimme foar elkoar dwaan kinne as der letter soarch nedich is, oft jimme hjoeddeistige hûs noch by jimme past, of hoe't jimme fit bliuwe. Wat fine jimme wichtich foar de takomst? Begjin it petear betiid.

De gemeente Tytsjerksteradiel noeget alle ynwenners fan 60 jier en âlder út om mei harren leafsten en alle oare belangstellenden de fergese foarstelling "Praat hjoed oer moarn" by te wenjen. 

Dizze foarstelling, makke troch de teatergroep 'De Negen Vinkjes', ûndersiket dizze feroarings op in boeiende wize. Wat betsjut dit foar jo? En hoe kinne jo jo tariede op 'e takomst?

Praktyske ynformaasje

  • Tongersdei 8 maaie 2025
  • 14.30 oere - 16.30 oere (doarren iepen om 14.00 oere)
  • De Pleats, Schoolstraat 82, 9251 ED Burgum
  • Tidens de ynrin tsjinje wy kofje, tee en wat snacks
  • De foarstelling is fergees