Kuierjen yn Tytsjerksteradiel
Op dizze side fine jo ferskate kuierrûtes yn ús gemeente.
Kultuerhistoaryske kuier Burgum
Dizze kuierrûte bestiet út twa dielen. It earste diel giet troch de beboude kom en is sawat 3 km lang. It twadde diel giet troch it plattelân fan Burgum De totale kuiertocht is sawat 9 km, begjint by it gemeentehûs en einiget by hotel-restaurant 't Roodhert. Der binne genôch plakken lâns de rûte om efkes te rêsten. De kultuerhistoaryske kuierrûte troch Burgum is foar in part realisearre mei finansjele stipe fan 'e Provinsje Fryslân. Jo kinne de rûte ûnderoan dizze side fine.
Koarte kuiertochten mei in earefermelding
Yn 2006 organisearre Lânskipsbehear in koarte kuierwedstriid. Trije koarte kuiers yn Tytsjerksteradiel einigen yn 'e top 10 mei in earefermelding: it Ritskeboskpaad en it Belvedêrepaad yn Burgum en it Stedspaad Yn Eastermar Jo kinne de rûte ûnderoan dizze side fine. Jo kinne mear ynformaasje fine op 'e webside fan Rompaad. .
Mear kuierrûtes
Op de webside fan Marrekrite.frl jo kinne ek ferskate kuierrûtes downloade.
