Wetter rekket elkenien

Wetter spilet in rol yn it libben fan ús allegearre. Yn Fryslân en it Grinzer Westerkwartier libje, wurkje en rekreëarje wy mei wetter. 

Mar wat wolle jo eins fan it wetter yn jo omjouwing? Is it der foar it plezier, of is it in needsaak fan it libben? Wolle jo soarchleas swimme kinne? Tinke jo oan de natuer wichtiger? Of sizze jo: sûnder sterke beskerming tsjin heech wetter en droechte makket de rest net iens út?

Wetterskip Fryslân noeget jo út om mei te tinken oer de takomst fan ús wetter. Skjin, feilich en foldwaande - wat weacht foar jo it swierst?

Folje de enkête yn