Hokker ûndernimmer silst yn 'e skynwerpers sette?

Wy binne grutsk op de ûndernimmers yn ús gemeente! Dêrom fiere wy dit jier wer de ûndernimmersdei op freed 21 novimber 2025. Mar dit jier dogge wy it in bytsje oars.

Ynstee fan te kiezen wa't wy sels yn 'e skynwerpers sette, jouwe wy it stokje troch oan ús eigen ûndernimmers. Kenne jo in meiûndernimmer dy't neffens jo in platfoarm fertsjinnet? Ien dy't him ynset foar it helpen fan oaren, moed toant, al jierren hertstochtlik is oer saken dwaan, of opfalt troch har duorsumens of ynnovaasje? Nominearje se dan!

Ynskriuwe is iepen oant 10 novimber. Op of om freed 21 novimber hinne sil wethâlder Caroline de Pee trije selektearre ûndernimmers ferrasse mei in persoanlik besyk om harren te tankjen foar harren ynset en bydrage oan Tytsjerksteradiel.

Registraasje foar de ûndernimmersdei