WhatsApp buertwacht
WhatsApp-groepen binne in goede manier om by te dragen oan in leefbere en feilige buert. Wittenskiplik ûndersyk lit sjen dat WhatsApp-groepen bydrage oan in fermindering fan it oantal ynbraken yn wenten. Yn Tytsjerksteradiel binne ferskate WhatsApp-groepen aktyf en binne der WhatsApp-buertwachtbuorden pleatst. Hjirûnder kinne jo mear lêze oer dielname oan WhatsApp-groepen en it pleatsen fan WhatsApp-buertwachtbuorden.
Hoe wurket it?
Wolle jo in buertwacht WhatsApp-boerd yn jo strjitte/wyk? Lit it ús witte troch in melding yn te stjoeren . Jo wurde sa gau mooglik kontaktearre. De gemeente advisearret jo graach oer hoe't jo in boerd keapje kinne en sil it foar jo ynstallearje.
WhatsApp-groepen
Wolle jo witte oft der in aktive WhatsApp-groep yn jo buert is? Of wolle jo der ien begjinne? Gean dan nei de webside fan WhatsApp BuurtPreventie . om te sjen hokker groepen besteane en ynformaasje oer hoe't jo ien begjinne kinne.
Hawwe jo al in groep en wolle jo dy oan ús trochjaan?
Stjoer dan in e-mail nei gemeente@t-diel.nl mei as ûnderwerp 'WhatsApp groep'. Fermeld jo namme, adres en tillefoannûmer.
