Wiebe Hietkamp fynt earste ljipaai fan Tytsjerksteradiel

Wiebe Hietkamp út Burgum hat sneon 15 maart yn Tytsjerksteradiel it earste kieviteaai fûn. Hy fûn it aai om 11.05 oere by Lytse Geast. Yn it nêst stie mar ien aai.

Hietkamp is al sûnt syn 10e in grutte kievitsfanaat . Dit wie lykwols de earste kear dat hy it earste kievitseaai fûn yn Tytsjerksteradiel. Hietkamp is frijwilliger by de Fûgelwacht Burgum.

Moandeitemiddei waard in lytse seremoanje hâlden oan 'e râne fan 'e greide dêr't it aai fûn is. Wiebe Hietkamp krige it fynershonorar fan € 15 en in sertifikaat fan boargemaster Tineke Schokker.

 

Ljipaaisiker Wiebe Hietkamp en boargemaster Tineke Schokker