Ynwenners fan Tytsjerksteradiel dy't in útkearing ûntfange, moatte har oan in oantal regels hâlde. It net neikommen fan dizze regels is "útkearingsmisbrûk". As jo fermoedzje dat immen yn jo gebiet ûnrjochtfeardich in útkearing krijt, kinne jo dit (anonym) oan ús melde. Wy sille dan ûndersykje oft der yndie misbrûk plakfynt.
Yn dit formulier freegje wy om in soad ynformaasje oer de persoan dy't fertocht wurdt fan misbrûk. Hoe mear wy witte, hoe better wy ús ûndersyk útfiere kinne. Dêrom freegje wy jo om safolle mooglik fragen folslein yn te foljen. Jo kinne jo eigen ynformaasje oan 'e ein fan it formulier efterlitte, mar dit is opsjoneel.
Underoan elke side kinne jo op 'Folgjende stap' klikke om nei de folgjende side te gean.